Jouke Hoogeveen wint maraton op Weissensee

Jouke Hoogeveen © awfoto.nl
Jouke Hoogeveen hat sneon op de Weissensee de maraton om de Aart Koopmans Memorial wûn. It is de earste wedstriid fan in rige fan fjouwer. De âld-Dryltser bleau nei 100 kilometer Frank Vreugdenhil krekt foar. Simon Schouten waard tredde. Arjan Stroetinga waard sânde.
By de froulju einige Carla Ketellapper-Zielman fan Rottum as twadde. De winst nei 80 kilometer gong nei Mariska Huisman, it tredde plak wie foar Lisa van der Geest. Aggie Walsma waard fiifde.