Ark út bedriuwsauto's stellen by Empatec
By it bedriuw Empatec oan de Tingieterstrjitte yn Snits binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei seis bedriuwsauto's iepenbrutsen. Der is in soad elektroanysk ark stellen. De auto's stiene op in ôfsletten terrein. Der binne neffens de plysje kamerabylden fan de stellerij. De bylden wurde ûndersocht.