Steatsboskbehear besuniget op webcams yn 'e natuer

Steatsboskbehear besuniget op de webcams dêr't se bisten mei folgje yn natoergebieten. It giet ûnder oere om in Oehoe yn de Achterhoek en om see-earnen yn de Oostvaardersplassen. Friezen kinne sûnt ferline jier it libben fan briedende goudûlen yn Earnewâld besjen. Dy webcam is fan It Fryske Gea en bliuwt gewoan bestean, sa seit ûle-saakkundige Johan de Jong fan Oerterp.
Steatsboskbehear makket in ein oan de webcams, omdat de kosten fan ynternetferbining en elektrisiteit te heech binne. Ek kostet de technyske stipe in soad tiid en jild.
De filmkes dy't Steatsbosbehear earder makke, kinne noch wol gewoan besjoen wurde.