Alden Driezumer skoalle yn aksje tsjin direksje Roobol

(stockfoto) © Omrop Fryslân
It ferset tsjin it hanneljen fan de direksje fan ûnderwiisorganisaasje Roobol groeit. Ek de âlden fan de iepenbiere skoalle yn Driezum hawwe no in eigen petysje online set. Dêryn sizze sy it fertrouwen yn de direksje fan Roobol op.
Alden mei bern op de Burgerskoalle yn Dokkum binne al in pear wiken yn aksje tsjin it nije belied fan Roobol. Dêrtroch ferdwynt it ûnderwiis oan heechbejeftige bern en moast direkteur Germ de Vries fuort. In petysje tsjin it bestjoer fan Roobol is al troch hûnderten minsken tekene.