Fytstunnel yn Snits wurdt lang om let oanpast

De fytstunnel by de wyk Tinga yn Snits wurdt lang om let oanpast. Dat hat it kolleezje besletten. It rinpaad yn de tunnel wurdt foar in grut part fuorthelle sadat der mear romte komt foar de fytsers.
Sûnt de oanlis, in pear jier lyn, is al in soad krityk op de tunnel. De tunnel soe te smel wêze en der sitte te skerpe bochten yn. Dat hat al ta ferskate ûngelokken laat. De oankundiging dat in twadde tunnel op deselde wize boud wurde soe by de Lemmerweg soarge foar in grutte protestaksje. Doe binne hûnderten hantekenings sammele.