Frjentsjer en VIOD winners iepen FK sealfuotbal
Frjentsjer by de manlju en VIOD fan Driezum by de froulju binne de winners fan it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. Yn sporthal De Trije wûn Frjentsjer de finale fan Emmeloord mei 3-2. De ploech út de Noardeastpolder seach in 2-0 foarsprong ferdampen. VIOD wie yn de finale mei 2-1 te sterk foar Stiens.