Finaledei hynstekeuring yn WTC Ljouwert

It Keninklik Frysk Hynstestamboek belibbet sneon de finaledei fan de jierlikse hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. De keuring is oer de jierren útwreide ta in evenemint fan trije dagen mei ûnder oaren in sjo, edukaasje en amusemint.
Sneon is de lêste dei en wurde de prizen ferdield. De ôfrûne trije jier hat itselde hynder wûn: Norbert 444, mar de konkurrinsje is grut dit jier. Fierder wurdt ek de fokker fan it jier bekend makke. De hynstekeuring is de hiele dei te sjen op tv en ynternet by Omrop Fryslân.