Man oppakt foar ynbraken yn wenboaten Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat freedtemoarn in 31-jierrige man út Soesterberg oanhâlden as fertochte fan twa ynbraken yn wenboaten oan de Westerkade. In skjinmakster trapearre de man en warskôge de eigener, dy't fuortendaliks de plysje alarmearre.
Mei tank oan it sinjalemint koe de plysje him op it Klein Schavernek oanhâlde. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.