Biskop Gerard de Korte ropt op ta dialooch tusken religys

Biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert seit bliid te wêzen dat in soad wurdfierders fan de moslimmienskip ôfstân nimme fan de oanslach yn Parys. De Korte fynt it fierder wichtich dat kristenen en moslims mei-elkoar praten bliuwe en dat se mei-elkoar geweld út namme fan religy feroardiele. De biskop ropt ek op om rêstich te bliuwen en de eangst net regearje te litten. Minsken soene sjen moatte nei wat harren ferbynt en net nei de ferskillen, sa seit er.