"Brân yn Ljouwerter kringloopwinkel is net oanstutsen"

De plysje slút brânstichting út © Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje slút brânstichting út yn it ûndersyk nei de brân by de kringloopwinkel oan de Lorentzkade yn Ljouwert. Wat de oarsaak al west hat, kin de plysje noch net sizze. De winkel baarnde twa dagen lyn folslein ôf. De reek fan de grutte brân wie hast yn de hiele stêd te sjen.
De brânwacht hat noch oant tongersdeitemoarn oan it neiblussen west.