FIFA-badge foar grinsrjochter Erwin Zeinstra

Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân
Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp hat tongersdeitejûn op it trainingskamp foar KNVB skieds- en grinsrjochters yn it Turkse Belek, in FIFA-badge foar 2015 útrikt krigen. Zeinstra krige de badge tegearre mei 16 oare skieds- en grinsrjochters. De badge wurdt sjoen as wurdearring foar harren wurk yn 2014, benammen yn de Champions League en op it WK yn Brazilië.