Takomst fan doarpskafee De Trijesprong Winsum ûnwis

De takomst fan doarpskafee De Trijesprong yn Winsum stiet faai. Undernimmer Syb van Dyk fan Winsum kocht it kafee sân jier lyn krekt mei it idee om it foar it doarp te behâlden. It sjocht der no lykwols nei út dat dit lang om let net slagje sil.
Ferskate pachters ha it besocht en ek Van Dijk sels hat de eksploitaasje in skoft dien, mar it is net slagge om de loop der goed yn te krijen. De kâns is dan ek grut dat dit doarpskafee definityf de doarren slute sil. Mooglik krijt it monumintale gebou no in wenfunksje.
Martin Cnossen fan stichting DBF lit witte dat dit probleem yn tal fan doarpen spilet. Yn it noarden stean wol sa'n 100 doarpskafees yn de (stille) ferkeap.