"Sikehûs Nij Smellinghe grutste slachtoffer"

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is it grutste slachtoffer fan it fallisemint fan Soarchgroep Pasana, dêr't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ûnder falt. Dat seit kurator Hans Silvius. Moandei waard bekend dat it Dokkumer sikehûs oernaam wurdt troch it konsortium ZuidOostZorg, DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland.
Yn totaal hie Pasana in skuld fan 40 miljoen. Dizze skuld bliuwt yn it fallisemint sitten, sadat De Sionsberg sûnder restskuld op 'e nij begjinne kin. Dat betsjut dat it ûnwis is oft Nij Smellinghe it jild ea weromkrijt.
Sikehûs Nijsmellinghe ynvestearre de ôfrûne tiid miljoenen yn De Sionsberg, en sil nei alle gedachten in strop fan sa'n 10 oant 14 miljoen ha. It probleem is dat de gebouwen net yn it fallisemint sitte. De ynboedel wol en dy wurdt oernommen troch de trije partijen dy't De Sionsberg oernimme.
Sikehûs Nij Smellinghe woe sels gjin reaksje jaan.
Fierder sei kurator Silvius dat oer de takomst fan de âlderein-tak fan Pasana pas yn april of maaie mear dúdlikens komt.