Drachtsterbrêge krijt wer eigen brêgewipper

Der komt wer in brêgewipper op de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. De brêgewachter is moandei begûn en bliuwt oant en mei 2016. Dan wurdt de Drachtsterbrêge ôfbrutsen en ferfongen troch in akwadukt. Neffens de provinsje kin de brêge mei de komst fan de brêgewachter rapper betsjinne wurde. Dat soe benammen foar it autoferkear posityf wêze.
De Drachtsterbrêge bliuwt mei de moarns- en jûnsspits ticht foar de skipfeart om it autoferkear net te hinderjen. Oant no ta waard de Drachtsterbrêge op ôfstân betsjinne mei help fan kamerabylden.