Drachtster dief oanholden yn sloopwenning
In man fan 33 jier út Drachten is sneintejûn betrape doe't er ynbruts yn sloopwenningen oan de Robijnekamp yn syn wenplak. Plysjeminsken hearden lûd út ien fan de sloopwenten komme en gongen nei binnen ta. Dêr koenen se de fertochte oanhâlde.
De Drachtster hie ynbrekkersark by him. Ek hie er út oare wenningen al koper stellen.