Yvonne Nauta as reserve nei EK yn Tsjeljabinsk

Yvonne Nauta © ANP
Yvonne Nauta en Jos de Vos geane as reserves mei nei it EK hurdriden allround op 10 en 11 jannewaris yn de Russyske stêd Tsjeljabinsk. By de froulju wie Carlijn Achtereekte de earste reserve, mar dy betanke foar de ear. Ek twadde reserve Diane Valkenburg hie gjin nocht oan de trip nei Ruslân en sadwaande kaam Nauta yn byld.
By de manlju hie Jorrit Bergsma gjin nocht om as reserve nei Ruslân. Douwe de Vries hat yntusken ek besletten om net nei Tsjeljabinsk te gean. Dêrtroch mei no Jos de Vos as reserve nei it EK.
Gewoanwei komme Nauta en De Vos gjin fan beide yn aksje op it EK. By de manlju starte Sven Kramer, Koen Verweij en Wouter olde Heuvel, by de froulju dogge Ireen Wüst, Jorien Voorhuis en Linda de Vries dat.