Ferskate auto's yn Ljouwert fernield yn krystnacht

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige Ljouwerter is op krystnacht oanhâlden foar it fernielen fan parkearde auto's yn de Mondriaanstrjitte yn Ljouwert.
Surveillearjende plysjes krigen in melding fan oerlêst troch in groepke dronken jongeren. Neffens de melder hiene se oan ferskate auto's fernielings oanrjochte. Ien fan harren is oppakt en fêstset op it plysjeburo. Nei alle gedachten wiene der mear jongeren belutsen. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.