Ek Fryske sûne resepten yn nij boek Rens Kroes

Rens (wite jurk) en Doutzen okkerdeis by de útrikking Glamour Women of the Year © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Rens Kroes út Eastermar komt mei in ferfolch op har populêre resepteboek Powerfood. Har twadde resepteboek sil in kombinaasje fan Fryske, Nederlânske en New Yorkse resepten wurde.
It boek fan it jongere suske fan ynternasjonaal topmodel Doutzen Kroes ferskynt takom jier. Se hopet in ynternasjonale trochbraak te krijen mei dit twadde sûne resepteboek.