Gemeente De Fryske Marren besparret op kopij yn streekblêden

De gemeente De Fryske Marren hâldt op 1 jannewaris takom jier op mei de gemeentlike side yn de streekblêden. Dêrmei besparret de gemeente in ton oan advertinsjekosten op in totaal fan twa ton.
Dêrfoar yn it plak komt in digitale nijsbrief. As it nedich is sil de gemeente minsken ek aktyf ynformearje op oare wizen. De opposysje yn de ried hie graach in oergongsperioade ha wollen, mar dat foarstel hat it net helle.