Dokkumer fernielt rút yn Ljouwert

Oanhâlding © ANP
De plysje hat tongersdeitenacht in 23-jierrige man út Dokkum oanholden op fertinking fan it fernielen fan in rút fan in wenning oan het Raaigras yn Ljouwert. De man stie yn de tún fan de wenning en rôp dat er nei binnen woe. Nei de fernielings oan it rút naaide er út.
Buorlju dy't wekker waarden fan it lawaai, bellen de plysje. Op basis fan it sinjalemint koe de plysje de man efkes letter oanhâlde. Hy is meinaam nei it buro.