Oanpak earmoede taak fan de oerheid

Samen voor de Voedselbank © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Itensbanken hâlde de earmoede yn Fryslân net yn stân. Dat seit 64 prosint fan de ûnderfrege Friezen yn it EenVandaag Panel. Yn it ramt fan de lanlike aksje Samen voor de Voedselbank frege EenVandaag in lytse tûzen Friezen nei harren ûnderfining mei earmoede en de itensbank. Neffens 80 prosint is de earmoede it ôfrûne jier flink tanaam. Hast de helte fan de ûnderfrege panelleden fynt earmoede dan ek in reedlik grut probleem. De oanpak fan earmoede is lykwols benammen in taak fan de oerheid seit 81 prosint.
Ut it ûndersyk docht bliken dat 23 prosint fan de ûnderfrege Friezen meidien hat oan de aksje Samen voor de Voedselbank.