Ljouwert hat predikaat Innovating City

Laboratoarium Wetsus © Wetsus
Ljouwert mei himsels Innovating City neame. Dat VN-predikaat is foar in stêd dy't him dwaande hâldt mei technologyske fernijing. Ljouwert is mei de Amerikaanske stêd Milwaukee spesjalisearre yn wettertechnology. De Ljouwerter WetterCampus leveret in bydrage oan de oanpak fan de globale wetterproblematyk.
Mei elkoar binne 18 stêden oer de wrâld mei sa'n namme.