Gemeente Súdwest-Fryslân stoppet mei skoalswimmen

De gemeente Súdwest-Fryslân skaft it skoalswimmen ôf. Neffens de gemeente is der gjin ferlet mear fan. Der binne op dit stuit noch mar tsien skoallen dy't gebrûk meitsje fan it skoalswimmen. It heljen fan in diploma is hjirby net it belangrykste doel. Troch it swimmen ôf te skaffen komt der boppedat 150.000 euro frij. Dat jild kin de gemeente goed brûke om de besunigingen op de swimbaden op te fangen.
Sluting fan swimbaden kin hjirmei mooglik foarkommen wurde. Dêr moat yn totaal 370.000 euro besparre wurde.
De plannen om de swimbaden iepen te hâlden moatte yn febrewaris rûn wêze.