1000ste poppe berne yn sikehûs Nij Smellinghe

Poppe Sjoerd Tymen van Lune mei âlden en sikehûspersoniel © Nij Smellinghe
Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is moandei de tûzenste poppe fan it jier berne. Oan de ein fan de middei kaam Sjoerd Tymen van Lune op 'e wrâld. De âlden Ybele en Klaske en harren soantsje meitsje it goed.
Om't it in jubileumbefalling wie, krigen de âlders in bosk blommen en in spesjale bertebear. Foar it personiel wie der taart. It is foar it earst yn jierren dat Nij Smellinghe de tûzen befallings hellet: yn 2012 waarden der 810 poppen berne en yn 2013 986.