Sven Kramer populêrste persoan op Google

Sven Kramer by parsekonferinsje Team BrandLoyalty © ANP
Reedrider Sven Kramer is de persoan dêr't it meast nei socht is op ynternet it ôfrûne jier fia sykmasjine Google. Kramer bliuwt dêrmei Ilse de Lange (2) en Dave Roelvink (3) foar.
Sport wie oer it algemien populêr om op te sykjen, meldt Google, want it WK fuotbal en de Olympyske Spelen stean beide heech yn de list mei ûnderwerpen dêr't nei socht waard. Kramer wûn op dat lêste toernoai goud op de 5 kilometer en de ploege-efterfolging en sulver op de 10 kilometer.