Ek Friezen kieze Timmermans as politikus fan it jier

© ANP
De eardere minister fan bûtenlânske saken Frans Timmermans is neffens Friezen de politikus fan it jier. Hy krige in tredde fan de stimmen. As reden wurdt neamd dat Timmermans in kundich politikus is, dy't mei hert en siel wurket. Dat waard benammen dúdlik by de fleanramp mei de MH17.
De winner fan ferline jier, Geert Wilders, einige no as twadde. Hy krige 12 prosint fan de stimmen. Alexander Pechtold waard tredde mei 8 prosint. It wichtichste politike barren fan it jier fine de Friezen de ramp mei de MH17 en de reaksje fan it kabinet.
Yn Fryslân diene 1200 minsken mei oan de enkête fan EenVandaag.