Soad animo foar fytsalvestêdetocht

© Anita Damsma
De frije ynskriuwing fan de fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei rint dat it slydjaget. De ynskriuwing is dit wykein begûn. Om 12 oere moandeitemoarn stie de teller al op 9.000 dielnimmers. Mei de foarynskriuwers komt de teller dan op hast 15.000 dielnimmers.
Dat is de limyt, mar der kin noch oant 31 desimber ynskreaun wurde. Dêrnei wurdt fia lotting bepaald wa't der meidwaan kinne oan de fytsalvestêdetocht. De lotting jildt allinnich foar de nije ynskriuwers.