Marrit Leenstra boykot EK allround yn Ruslân net

Marrit Leenstra © ANP
Marrit Leenstra fan Wikel rydt dochs it EK allround yn Ruslân, as se har pleatst. Dat beslút hat de reedrydster naam. Ferline wike joech Leenstra noch oan dat se twivele oer har eventuele dielname, neidat har coach Jan van Veen oanjûn hie it toernoai yn Ruslân te boykotten.
Leenstra tinkt no dat it gjin ferskil makket wannear't se thús bliuwe soe, om't har plak dan ynnaam wurdt troch in oare sporter. Wol seit Leenstra dat as se prizejild wint op it EK yn Ruslân, se dit jild oan in goed doel jout.