Groei winkelflier De Centrale oan bannen lein

Der komt net mear as maksimaal 10.000 kante meter oan ekstra winkelflier by winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert. Dat hat de Ried fan Steat besletten. De Centrale Holding, dêr't de winkeliers fan winkelsintrum De Centrale yn fertsjintwurdige binne, hie by de Ried berop oantekene tsjin de nije plannen fan de gemeente. De ûndernimmers woenen folle mear romte foar ekstra winkelflier.
De gemeente wol dit net, om't dat tefolle konkurrinsje opleverje soe foar de binnenstêd fan Ljouwert. De Ried fan Steat hat de gemeente dêryn gelyk jûn.