Ynskriuwing kuieralvestêdetocht start moandei

Kuierje © Omrop Fryslân
No moandei begjint de ynskriuwing foar de 69e edysje fan de kuieralvestêdetocht. De fiifdaachse tocht wurdt takom jier hâlden fan tiisdei 12 oant en mei sneon 16 maaie. De earste dei lizze de dielnimmers de measte kilometers ôf. De rûte fan Ljouwert fia Snits en Drylts nei Sleat telt 49 kilometer.
Der is gjin maksimum steld oan it tal dielnimmers foar de kuieralvestêdetocht. It is ek mooglik om mar ien dei mei te rinnen. Dit jier diene der goed 750 minsken mei oan de fiifdaachse kuiertocht en goed 350 minsken kuieren ien dei mei.