Geurts hat alle fertrouwen yn wedstriid tsjin Italië

Loes Geurts fan Hichtum hat fertrouwen yn de beslissingswedstriid tsjin Italië. De keepster fan de Nederlânske fuotbalfroulju soarget tegearre mei Sherida Spitse foar de Fryske ynbring by it Nederlânsk alvetal. De Oranjefroulju spylje tongersdeitejûn yn it Italiaanske Verona om harren te pleatsen foar it wrâldkampioenskip yn 2015. Pleatsing foar it WK soe histoarysk wêze, om't dit noch nea earder slagge.
Geurts ferwachtet krekt sa'n wedstriid as sneon yn Den Haach. Doe wie Oranje folle better, mar kaam it net fierder as in 1-1 lykspul.