Bert Hollander nije trainer LSC 1890

Bert Hollander © awfoto.nl
Bert Hollander sil it kommende fuotbalseizoen oan 'e slach by sneins twaddeklasser LSC 1890 yn Snits. Hollander is op dit stuit by twa ferienings aktyf. By sneonstopklasser ONS Boso Snits en by sneinshaadklasser FVC. By ONS is er mei syn twadde seizoen dwaande, by FVC is er al tsien seizoenen aktyf. By LSC wurdt Hollander de opfolger fan Sander Sliekers.