Ferfiersferbod foar fûgels en aaien om fûgelgryp

Der is sneintemoarn in lanlik ferfiersferbod ynsteld foar fûgelguod, aaien en plomfeedong. It ferbod is der omdat sneon by in plomfeebedriuw yn it Utrechtse Hekendorp in fariant fan de fûgelgryp konstatearre is. It giet om in fariant dy't ek gefaarlik is foar minsken. De maatregels binne nommen om foar te kommen dat minsken yn kontakt komme mei besmette hinnen. It ferbod jildt ynearsten oant woansdeitemoarn healwei tolven. Piet Faber fan de fakgroep plomfee fan de LTO sprekt fan in ramp foar de hiele sektor, fergelykber mei dy yn 2003.
Doe kaam er in feedokter as gefolch fan besmetting troch de fûgelgryp om it libben.