Doarpsbelang Riis teloarsteld yn antwurden gemeente

Doarpsbelang Riis en omkriten is swier teloarsteld oer de antwurden fan de gemeente De Fryske Marren op fragen oer de fêstiging fan in asylsikerssintrum yn Riis. De gemeente ferskûlet har achter it Centraal orgaan Opvang Asielzoekers (it COA), sjocht ta en is net belutsen by de soargen fan de ynwenners. Dat seit bestjoerslid Bram Boehlé fan doarpsbelang.
Doarpsbelang wol dat der sa gau as mooglik in iepen en transparant oerlis oankundige wurdt mei alle belutsen partijen. Boehlé hat de hoop op sa'n oerlis noch net opjûn.