Twadde bekerwinst UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha op it eigen iis de twadde winst helle yn de bekerkompetysje. Dolphin Kemphanen Eindhoven waard mei 4-1 ferslein. Niels van der Vossen iepene foar de Feansters mei syn earste goal op it heechste nivo de skoare. Eindhoven makke nei in kertier de 1-1. Troch Travis Bobbee yn de twadde perioade en Joey Oosterveld en Levi Houkes yn de tredde perioade waard it 4-1.