Monumintale boekebeam kapt

Yn Surhuzum wurdt woansdei in monumintale boekebeam omkapt. Der groeie poddestuollen op de beam dy't de woartels oantaaste. De beam stiet al 120 jier op it tsjerkhôf yn Surhuzum. De ynwenners binne teloarsteld dat de beam ferdwynt, mar se begripe it wol. Der is nammentlik gjin oare mooglikheid. It is te gefaarlik om de beam stean te litten.
De gemeente Achtkarspelen hat de beam ûndersocht. Dêrby waard de skea oan de woartels dúdlik. Achtkarspelen besteget de kap fan de boekebeam út oan in spesjalistysk bedriuw.
Oant en mei woansdei sille in soad Surhústers noch efkes by de beam lânsrinne. Auke Veenstra is der ien fan. Hy sjocht de boekebeam as in boechbyld. "Surhuzum treuret", seit Veenstra.