Minsken oanriden op Beursplein
In 73-jierrige man út Harns hat moandeitemiddei om healwei twaen fiif fuotgongers oanriden op it Beursplein yn Ljouwert. De man ried op de brêge tsjin it ferkear yn en skepte dêr de fuotgongers. Dêrnei botste er mei syn auto tsjin in oare auto. De Harnzer is oanholden foar it riden mei drank op. By in blaastest die bliken dat de bestjoerder tefolle dronken hie.
Fjouwer fuotgongers rekken ferwûne en binne mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. It plak fan it ûngelok waard yn ferbân mei it plysjeûndersyk koarte tiid ôfsletten.