Gemeente skaft guon regels ôf

De Fryske Marren
Gemeente De Fryske Marren skrast in tal regels, lyaks foar strjitartysten, oerlêst jaande bisten, kollektes en it weromsetten fan winkelweinen. De gemeente moat dêr yn prinsipe op kontrolearje, mar hat dêr de minsken net foar.
Mei de hoareka binne ek nije ôfspraken makke. Kafees en sportkantines hawwe no deselde regels. De slutingstiden binne frij, mar it doarbelied is wol gelyklutsen. Saken dy't alkohol skinke, meie oant twa oere nachts minsken deryn litte. Foar alkoholfrije saken is dat fjouwer oere nachts.