Lawei easket bouterrein werom

Skouboarch De Lawei bringt moandei it konflikt mei bouwer Van Norel foar de 'Ried fan arbitraazje foar de bou'. Ynset is de opheffing fan it retinsjerjocht. Dat betsjut dat De Lawei wol dat Van Norel sagau mooglik fan it terrein ôfgiet. Dan kin de Drachtster skouboarch troch mei in oare oannimmer.
In pear wike lyn sei De Lawei it kontrakt mei Van Norel op út ûntefredenheid oer de ferbouwing. De sitting fynt plak op neutraal terrein, yn hotel Van der Valk yn Drachten.