Lawei: sykje nei alternativen

In goeie wike neidat bekend waard dat de ferbouwing fan De Lawei yn Drachten noch lang net klear is, is ûngefear in tredde part fan de 100 plande foarstellingen ferpleatst of ôfsein. De Lawei soe eins op 1 oktober wer iepen, mar ferline wike tiisdei hat de direksje it kontrakt mei boubedriuw Van Norel opsein. Dy soe net goed wurk levere hawwe.
In team fan in man as tsien wurket sûnt dy tiid hast dei en nacht oan it finen fan alternative plakken foar de plande foarstellings.
Ien bysûnder lokaasje dy't brûkt wurde sil is de brânwachtkazerne yn Drachten. It giet om in jeugdfoarstelling dy't ek oer de brânwacht giet. Op 8 oktober hie der yn de grutte seal yn Drachten in foarstelling fan it Noord Nederlands Toneel wêze sillen. Dy wurdt ferpleatst nei Grins. It útrikken fan de Undernimmerspriis fan Smellingerlân is foarearst útsteld. Oan de ein fan dit jier wurdt sjoen nei in nije datum.