FC Grins wurdt snein útswaaid

SC Cambuur en FC Grins © Omrop Fryslân
Om't FC Grins fan de KNVB gjin supporters meinimme mei nei it Cambuurstadion wolle de supporters de spilers snein útswaaie om harren sa te stypjen. It útfak bliuwt snein leech om't der ferline jier opskuor west hat tusken beide supportersgroepen.
Trainer Erwin van de Looi fan FC Grins fynt it skande dat der gjin supporters by binne. Neffens him heart dat wol by in derby mei fanatike supporters.