Fûgelhelling lit 38 ûlen frij

De Fûgelhelling yn Oerterp hat tongersdeitejûn yn ien kear mar leafst 38 ûlen frij litten. De ûlen binne de ôfrûne moannen binnenbrocht troch de biste-ambulânse en troch partikulieren. It giet om jonge bisten, dy't te swak wienen om sels te oerlibjen.
De Fûgelhelling hat de ûlen yn de simmer fersoarge oant se sterk genôch wienen om frij litten te wurden. Sa'n 20 frijwilligers gienen mei de ûlen nei Nuis yn Grinslân om de bisten dêr wer frij te litten.