Van der Meulen wint Kimswert

Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma hawwe snein de haadklasse frije formaasje keatspartij yn Kimswert wûn. Yn de finale wûn it trijetal mei 5-4 en 6-2 fan Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma.
De lytse preemje wie foar Marten Bergsma, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra, dy't yn de heale finale ferlearen fan Van der Meulen en-dy. Foar Anema betsjutte it tredde plak dat er de hûndert puntegrins yn it keatsklassemint helle hat.