Pieter Weening wint yn Italië

Pieter Weening © ANP
Pieter Weening hat snein yn Italië de Ronde fan Toscane wûn. Nei 195,6 kilometer wie de Harkemaster rapper as syn trije meiflechters. De Belch Jérôme Baugnies waard twadde, de Rus Roman Maikin tredde. Foar Pieter Weening, yn tarieding op de Ronde fan Poalen, wie it de tredde oerwinning fan it seizoen. Earder wûn er mei syn ploech fan Orica-GreenEdge de ploegetiidrit yn de Ronde fan Italië en ek wie er de bêste yn de njoggende etappe fan dy Giro.