Sportwrâld betsjûget meilibjen

© ANP foto
Sportklup Cambuur spilet yn de oefenwedstriid sneon tsjin De Graafschap mei roubannen. De klup docht dit yn ferbân mei it fleantúchûngelok yn Oekraïne tongersdei. Hjirby kamen 298 minsken om it libben. De wedstriid begjint mei in minút stilte foar de slachtoffers.
Ek yn de Tour de France wurdt stilstien by de fleantúchramp. De etappe fan freed begjint mei in minút stilte. Ek Belkin, de ploech fan Bauke Mollema, fytst freed mei roubannen. Foarôfgeand oan de lotting fan it skûtsjesilen yn Grou sil der in minút stilte hâlden wurde.