Keunstner komt mei SRV-wein

Keunstinisjatyf VHDG lit in SRV-wein troch de provinsje ride. Fideokeunstner Teun Vonk reizget yn augustus fjouwer wiken lang oer lytse dykjes. De SRV-wein kin net hurder as 25 kilometer yn de oere. Vonk sliept, wurket en wennet oan board. Oeral dêr't er komt, dûkt er as tydlike bewenner it pleatslike libben yn. De minsken en situaasje binne ynspiraasje foar syn fideokeunst.
De SRV-keunstwein waard moandei presintearre yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert.
VHDG stiet foar Voorheen De Gemeente. It inisjatyf wol in ympuls jaan oan byldzjende keunst yn Fryslân en Ljouwert as poadium foar binnenlânske en bûtenlânske keunstners. De resultaten fan de keunst-SRV-wein binne fan 27 septimber oant en mei 11 oktober te sjen yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert.