Club Red op fingers tikke

Tûmba
Club Red yn Ljouwert hie in besiker fan Antilliaanske komôf net wegerje mocht. Dat seit it College voor de Rechten van de Mens. Op 1 jannewaris waard in besiker op in nijjiersfeest yn Club Red yn Ljouwert de tagong wegere. Hy soe wegere wêze fanwege syn hûdskleur. De club stelde dat der earder spul west hie mei Antillianen en dat omwille fan de feilichheid hy der net yn mocht. De man hat oanjefte dien fan diskriminaasje. It diskriminaasjemeldpunt Tûmba hat de man bystien yn de proseduere.
De útspraak fan it kolleezje hat gjin juridyske konsekwinsjes. Tûmba is ree om mei Club Red yn petear te gean oer it doarbelied.