Metallica wit noch fan Fryslân

De bandleden fan de Amerikaanske metalband Metallica hawwe goede oantinkens oan Fryslân. Tritich jier ferlyn spilen se yn de Evenemintehal op 'e Westereen. Dit wie fier foardat se as band trochbrutsen. It wie it earste en iennige optreden yn Fryslân. It konsert op 'e Westereen is harren altyd bybleaun, sa fertelle se yn unyk ynterview oan Omrop Fryslân.
De dokumintêre 'Hoe't Metallica de Westereen op 'e kop sette' is snein te sjen by Omrop Fryslân.
Ek is it folsleine programma werom te sjen op omropfryslan.nl.