Tal WW's mei 6% ôfnaam

© Omrop Fryslân
It tal WW-útkearings yn Fryslân is de ôfrûne moannen mei hast 6 prosint ôfnaam. Ein maaie krigen goed 18.000 Friezen WW. Dat is noch altyd mear as ferline jier maaie, want doe wiene it krapoan 17.000.
De ôfrûne moannen liket it wer de goede kant op te gean wat de ôfname fan it tal WW-útkearings oanbelanget. Lanlik is ek in positive trend te sjen. Yn de útstjoerbrânsj en de bou kamen de measte banen derby, mei troch it seizoenswurk en de oanlûkende ekonomy. Yn de sûnenssoarch en it ûnderwiis krije no ek minder minsken WW.