Wurk Polderhoofdkanaal op koers

It wurk oan it Polderhoofdkanaal leit op koers, seit wethâlder Rob Jonkman. Dat moat ek, want as it kanaal op 1 desimber dit jier net befarber is, komt de subsydzje te ferfallen. Der wurdt no hurd wurke om de brêgen omheech te bringen en it kanaal djipper te meitsjen.
It befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal wurdt rûsd op 17 miljoen euro oan kosten. De gemeente hat noch in lytse reserve om tsjinslaggen op te fangen.